Plysje dielt hast tûzen boeten út op N354 nei Snits

01 mrt 2017 - 10:09
Foto: ANP XTRA

By ferkearskontrôles by de N354, de provinsjale dyk tusken Snits en de A32, binne tusken 13 en 25 febrewaris 918 boeten útdield. De measte oertrêders rieden te hurd. Oare oertrêdingen wienen belje of appe ûnder it riden, it net dragen fan de autogurdle en ynhelje oer de trochlutsen streek.

By de kontrôles wurken de plysje en de provinsje gear en waarden motorplysjes, opfallende en net opfallende plysje-auto's brûkt. Op de dyk wiene ferline jier in soad ûngelokken, benammen om't minsken te hurd rieden.

Trefwurden: 
ferkear kontrôle N354 plusje
(advertinsje)
(advertinsje)