Opsporing Verzocht krijt ien tip oer oerfal tankstasjon

28 feb 2017 - 21:54
It tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean - Foto: Srfotografie

De plysje hat tiisdei ien tip krigen oer de oerfal op it Texaco tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean op basis fan de útstjoering fan Opsporing Verzocht. It tankstasjon waard foarich jier op 12 desimber oerfallen troch in man mei in mes. Yn it tv-programma waarden befeiligingsbylden toand wêryn't te sjen is hoe't de fertochte it tankstasjon ynrint. Op oare bylden wie te sjen hoe't de fertochte earder dy jûn by dat tankstasjon en ek it BP tankstasjon op It Hearrenfean omspaande.

(Advertinsje)
(Advertinsje)