Jack de Vries: "Wilders lijt ûnder optreden fan Trump"

28 feb 2017 - 19:58

Krekt om't PVV-lieder Geert Wilders net meidocht oan de ferkiezingsdebatten, stean de goede toan en de ynhâld foarop. Dat sei polityk kommentator Jack de Vries tiisdei yn It Polytburo. Neffens De Vries hat Wilders der just lêst fan dat er nearne oan meidwaan wol, setelferlies yn de peilingen lit dat sjen. Minsken hawwe harren nocht fan de Amearikaanske presidint Trump, en dat hat syn wjerslach op Wilders, tinkt De Vries. De âld-CDA-steatssekretaris is te sprekken oer it optreden fan partijlieder Sybrand Buma.

Dy makke yn it RTL-debat goed gebrûk fan de ôfwêzigens fan sawol de VVD as de PVV. Jack de Vries seit sels de kommende kabinetsperioade fanwegen syn priveesituaasje net beskikber te wêzen.

Trefwurden: 
Jack de Vries CDA It Polytbuo
(Advertinsje)
(Advertinsje)