Soad animo foar de domeinnamme Denk.nl fan GGZ Fryslân

28 feb 2017 - 18:37
Foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra

Der is in soad belangstelling foar de domeinnamme Denk.nl. It webadres stiet sûnt dizze wike te keap, omdat GGZ Fryslân der gjin gebrûk mear fan makket. De GGZ brûkte it adres foar in behannelprogramma, mar is dêrmei ophâlden omdat der tefolle betizing wie mei de politike beweging DENK. Neffens in wurdfierder fan de GGZ binne der sa'n 150 mailtsjes kaam fan minsken dy't Denk.nl keapje wolle. Oft de politike beweging DENK der ek by sit, is net bekend.

Wol binne der minsken dy't de namme keapje wolle om krekt foar te kommen dat DENK him oernimt, sa seit de wurdfierder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)