Twaspjalt oer oergong Caparis-meiwurkers nei gemeenten

Der is twaspjalt ûntstien tusken de gemeenten dy't mei-elkoar dielnimme oan Caparis. Fjouwer fan dy gemeenten (East- en Weststellingwerf, Achtkarspelen en Ljouwert) makken tiisdei bekend dat se de grienmeiwurkers fan Caparis per 1 april yn tsjinst nimme sille.
De oare fjouwer gemeenten (Tytsjerksteradiel, Smellingerlân, Opsterlân en Hearrenfean) fiele har oerfallen troch dit iensidige beslút. Neffens harren wie ôfpraten dat de oergong nei de gemeenten noch better útwurke wurde soe en moat de ûndernimmingsried der ek noch oer advisearje.
De fjouwer gemeenten dy't it beslút nommen hawwe, hawwe dat dien fanwege de herstrukturearring by Caparis. Dy is ynsteld, omdat der sûnt 2015 gjin nije minsken mear talitten wurde yn de sosjale wurkfoarsjenning.
Dat is bepaald yn de partisipaasjewet, dy wol dat minsken mei in beheining safolle mooglik oan in gewoane betelle baan holpen wurde moatte. De fjouwer gemeenten foldogge no oan dy wet, troch de grienmeiwurkers fan Caparis yn tsjinst te nimmen.