"Wiidweidich flokke op de publike omrop hoecht om my net"

28 feb 2017 - 17:22

De Fryske senatoaren Joop Atsma (CDA) fan Surhústerfean en Hindrik ten Hoeve (OSF) fan Stiens wolle mei steatssiktaris Sander Dekker (VVD) yn petear oer it flokken by de publike omrop. De senatoaren hawwe Dekker fragen steld nei oanlieding fan in stevige flok-kannonade troch kolumnist Ronald Giphart op de lanlike radio. Giphart die dat om stil te stean by it jubileum fan it bûn tsjin it flokken.

"Wat Giphart die hoecht fan my net", seit Ten Hoeve. "Moatte je opsetlike kwetsing talitte op de publike omrop? Ik wol dêr graach antwurd op."

Ten Hoeve seit der by dat hy tsjin kontrôle op útstjoerings yn 't foar is, mar hy wol wol graach fan Dekker witte wêr't de grins krekt leit fan wat wol en net kin. "Frijheid fan mieningsutering is gjin frijheid fan mislediging. Wat hjir barde komt del op it opsetlik pleagjen fan minsken yn har godstsjinstige oertsjûging. Kin dat? Ik wol dêr de steatssiktaris wolris oer hearre." Joop Atsma is noch fûler yn syn krityk op it flokken troch Giphart. Atsma fynt it "der fier by troch" en "ûnakseptabel". Giphart hat der sels foar keazen om net te reagearjen op de krityk fan de twa Fryske senatoaren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)