Tim de Vries spilet fioele by ynstallaasje Arno Brok

28 feb 2017 - 16:49

It is woansdei net allinnich in bysûndere dei foar Arno Brok, mar ek foar de jonge fioelist Tim de Vries. Brok wurdt ynstallearre as nije kommissaris fan de Kening yn ús provinsje, mar de 16-jierrige Tim de Vries mei it muzikale yntermezzo fersoargje. Hy komt oarspronklik fan Aldebiltsyl, mar studearret no yn Amsterdam. Tim hat al eardere bysûndere optredens fersoarge, hy spile ek alris foar leden fan it keninklik hús. Foar de takomst hopet hy dat er as solist mei grutte orkesten oer de hiele wrâld reizgje mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)