Cambuur en Hearrenfean binne finansjeel sûn

28 feb 2017 - 16:39
Logo's SC Cambuur en SC Hearrenfean

SC Hearrenfean en SC Cambuur binne beide troch it fuotbalbûn KNVB beoardiele as finansjeel sûne fuotbalklups. Trije kear yn it jier mjit de lisinsjekommisje fan de KNVB de finansjele situaasje fan de betelle fuotbalklups. Se wurde dan yndield yn trije kategoryen. Doel fan it systeem is om de kwaliteit fan de kompetysje heech te hâlden. Beide Fryske klups sitte dit jier opnij yn de heechste kategory.

(Advertinsje)
(Advertinsje)