Ald-steatelid Buisman moat 17.750 euro werombetelje

28 feb 2017 - 15:20
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ald-PVV-steatelid Pieter Buisman (55) fan Drachten moat de 17.750 euro subsydzje werombetelje dy't er fan de provinsje krige foar in fraksjemeiwurker. Buisman splitste him trije jier lyn ôf fan de PVV, mar bleau wol steatelid. Hy krige it jild foar it stypjen fan syn wurk yn de Steaten, mar makke in pear kear jild oer nei syn eigen rekken.

Neffens eigen sizzen die er dat omdat er syn eigen meiwurker wie. Mar dat mei net fan de wet. Njonken dat er it jild werombetelje moat, krige Buisman ek in wurkstraf ûnder betingst fan 120 oeren.

De rjochtbank bepaalde tiisdei dat Buisman mei sin yn striid mei de provinsjewet hannele hat. Buisman hie der neffens de rjochtbank better oan dien om de saak yn 't foar mei de provinsje te bepraten. De rjochtbank tinkt net dat it âld-steatelid út kriminele motiven hannele.

Eigensinnich

'Verdachte had niet moeten kiezen voor deze eigenzinnige handelwijze. Hij had als volksvertegenwoordiger een voorbeeldfunctie', ornearret de rjochtbank. It Iepenbier Ministearje eake twa wike lyn ek in wurkstraf fan 120 oeren, mar de rjochtbank kaam út op in straf ûnder betingst. De politike karriêre fan it âld-steatelid is neffens de rjochtbank skansearre troch de negative publisiteit. Boppedat hie de man gjin strafblêd. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)