FrieslandCampina wol frisdrankbedriuw Riedel ôfstjitte

28 feb 2017 - 14:30
It gebou fan FrieslandCampina yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Suvelbedriuw FrieslandCampina besjocht oft it syn frisdrankepoat Riedel ôfstjitte kin. Dêr falle merken as Appelsientje, Coolbest en DubbelFrisss ûnder. FrieslandCampina wol him mear konsintreare op suvel en wol dêrom wol fan de soppen ôf. Riedel sit yn Ede en hie ferline jier in omset fan 125 miljoen euro. Der wurkje 200 minsken.

Meiwurkers, ûndernimmingsried en fakbûnen binne op de hichte fan de plannen fan FrieslandCampina om Riedel te ferkeapjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)