Restaurant Eindeloos nominearre foar Europeeske priis

It Ljouwerter restaurant Eindeloos is troch de Europeeske kulinêre organisaasje 'Jeunes Restaurateurs' nominearre foar de Eco Friendly Award. Der binne mei-inoar tsien restaurants út hiel Europa nominearre, Eindeloos is de iennichste gadingmakker yn Nederlân. Willem Schaafsma fan Eindeloos neamt de nominaasje 'superleuk', mar hat gjin idee hoefolle kâns as er makket op de Award.
Eindeloos is nominearre omdat it restaurant allinnich mei farske streekprodukten wurket en sa goed as gjin iten fuortsmyt.
"Wy kinne sa wurkje, omdat we gjin menukaart hawwe", fertelt Willem Schaafsma. Eindeloos hat trije oant acht gongen op it boerd stean, dêr't de iters út kieze kinne. It restaurant wurket eins allinnich mar mei Frysk fleis en serveart dan ek fleis, dat net in soad troch oare restaurants brûkt wurde, lykas geitefleis en fleis fan noftere keallen. Troch iten dat it fluchst bedjert as earste te servearen besiket Schaafsma te foarkommen dat er in soad iten fuortsmite moat. "Ik bin opgroeid op in pleats by Driezum. Wy ieten ek fleis fan eigen bisten en de griente kaam fan de buorlju. Sa besykje ik by Eindeloos ek te wurkjen." Schaafsma reizget ein maart nei Switserlân om de priisútrikking fan de Eco Friendly Award mei te meitsjen. Ek dat fynt er 'superleuk'.