Anonym sollisitearje yn Súdwest-Fryslân moat kinne

28 feb 2017 - 13:51
Foto: ANP

De gemeente Súdwest-Fryslân moat it mooglik meitsje dat minsken anonym sollisitearje kinne. Dat wol de PvdA-fraksje. De partij fynt dat it foar de kâns op in baan net útmakket hoe'tst derút sjochst, wat foar leauwen oftst hast of fan wa'tst hâldst. Mar it bart te faak dat minsken om dat soarte redenen in baan misrinne. Neffens de PvdA docht út ûndersyk bliken dat sollisitanten mei in migrante-eftergrûn minder faak foar in petear útnûge wurde as oaren.

Ek oare PvdA-fraksjes rûnom yn Nederlân wolle dat anonym sollisitearje by har yn de gemeente mooglik wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)