Proef: spesjaal stek tusken foksen en greidefûgels

28 feb 2017 - 13:31

Om foar te kommen dat foksen nêsten fan greidefûgels leechfrette, komt der in proef mei stekken om greidefûgelgebieten hinne. Yn de Skotse Heechlannen binne de ûnderfinings mei sokke stekken goed. Steatsboskbehear wol it dêrom no ek besykje yn de Sweagermieden by De Trieme. As de proef dêr goed útpakt, krije mooglik ek oare greidefûgelgebieten sa'n apart foksestek.

Twa studinten fan it Van Hall Larenstein institút sille dit seizoen yn de gaten hâlde hoe't de proef útpakt.

Boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear ferwachtet dat tanksij de beskerming fan it spesjale foksestek dizze maaitiid folle mear greidefûgelpykjes yn it gebiet de kâns krije om grut te wurden. Ferline jier gie dat yn de Sweagermieden net goed. Doe rjochten foksen yn lyts slachfjild oan yn it gebiet.

Trefwurden: 
stek Foks greidefûgel
(Advertinsje)
(Advertinsje)