Bernefysioterapeut: It wurdt tiid foar RSI-previnsje by bern

28 feb 2017 - 12:48

Wêrom leare bern op skoalle wol in goeie skriuwhâlding en net in goeie hâlding foar achter de kompjûter of mei in tablet yn de hannen? Want dat dogge se folle faker en langer as dat se sitte te skriuwen. En troch in ferkearde hâlding bij it kompjûterjen of gamen rinne bern kâns op RSI. Skoallen soene der in rol yn spylje kinne om der wat oan te dwaan, seit de lanlike RSI-feriening.

Berneterapeut Nynke Canrinus sjocht hieltiten mear bern mei nek- en skouderklachten troch yntinsyf tabletgebrûk sûnder goeie hâlding.

Bern mei in ôfwiking oan de rêch binne ekstra kwetsber foar RSI-problemen as gefolch fan in ferkearde hâlding as se lang mei de smartphone dwaande binne. Ek learlingen fan basisskoalle de Twilling jouwe ta dat se wolris lêst fan de fingers of nekke hawwe as se lang dwaande binne mei smartphone of tablet. Basisskoalle De Twilling riedt âlden oan om ôfspraken mei bern te meitsjen oer harren smartphone- en tabletgebrûk. Om fysike problemen te foarkommen is it wichtich om de tiid dat bern yn deselde hâlding op harren smartphone sitte te beheinen. Foldwaande beweging en bûten boartsje is ek hiel wichtich foar in sûne lichaamlike ûntwikkeling.

(advertinsje)
(advertinsje)