Panel Fryslân kin no har miening jaan

© Fries Sociaal Planbureau
It Frysk Sosjaal Planburo is begûn mei it Panel Fryslân. Oan it panel nimme alle Fryske gemeenten en hast 4000 ynwenners diel. De groep wurdt meardere kearen yn it jier om harren miening frege oer saken dy't yn de provinsje spylje. De dielnimmers binne âld en jong, heech en leech oplaat en minsken dy't noch mar krekt of al hiel lang yn Fryslân wenje. De earste fragelist is heal febrewaris ferspraat en gie oer polityk fertrouwen. De útkomsten binne noch net bekend.