Grien ljocht foar master 'Duorsum Undernimmerskip'

28 feb 2017 - 11:44

De Campus Fryslân yn Ljouwert komt wer in stap tichterby. De minister fan ûnderwiis hat it nije bachelorprogramma 'Global Responsibility and Leadership' en it masterprogramma 'Duorsum Undernimmerskip' (Sustainable Entrepreneurship) goedkard. Dy opliedings binne neffens dekaan Jouke de Vries wichtige boustiennen foar de Campus, lykas it Master College en de Graduate School.

De opliedingen binne lytsskalich en yntinsyf. Beide programma's moatte noch wol toetst wurde troch de Nederlands Vlaamse Accreditatie Organisatie.

De nije oplieding 'Global Repsonsibility and Leadership' is bedoeld foar de wittenskiplike ûnderbouwing en útwurking fan de santjin wrâlddoelen fan de Feriene Naasjes út 2015. It is it doel dat studinten oan de slach geane mei it ferwêzentlikjen fan oplossings foar dizze wrâlddoelen. De wrâlddoelen geane oer de tema's enerzjy, duorsumens, ierde en natoer,
ferantwurdlike ekonomy en polityk en responsible humanity. By de lêste rjochting steane kwaliteit fan libjen, sûnens, kultuer en konflikt sintraal.

Kampus Fryslân is ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins en moat yn 2018 útgroeie oant de alfde fakulteit fan de universiteit.

Trefwurden: 
RUG Campus Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)