Frjentsjerters yn aksje foar swimbad Blomketerp

28 feb 2017 - 11:24

Frjentsjerters komme yn aksje om jild yn te sammeljen foar in opknapbeurt fan swimbad Blomketerp yn de stêd. It swimbad hat jildproblemen en dêrom is der ferlet fan stipe. Under it motto 'Laat ôns swembad niet fersúpe' wurdt de stêd tiisdei folhongen mei posters dy't minsken oproppe om jild te jaan.

Sneon en nije wike sneon steane der ek minsken by de supermerken yn Frjentsjer om jild yn te sammeljen.

De aksjegroep hopet 30.000 euro by elkoar te krijen. Dat soe genôch wêze moatte om it swimbad in flinke opfrisbeurt te jaan. Ek op social media wurdt drok kampanjefierd foar de crowdfundingsaksje.

Trefwurden: 
Blomketerp swimbad Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)