Jacques Tichelaar skode skoansus nei foaren foar opdracht

28 feb 2017 - 11:21

Kommissaris fan de Kening Jacques Tichelaar fan Drinte hat no dochs tajûn dat hy it bedriuw fan syn skoansuster oandroech foar in opdracht fan de provinsje Drinte. Dat docht bliken út in brief fan Tichelaar oan Provinsjale Steaten fan Drinte. Earder ûntkende Tichelaar dat hy syn skoansuster de opdracht jûn hie.

Jacques Tichelaar (PvdA) is oarspronklik ôfkomstich út Fryslân. Hy is ek bestjoerslid fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân SNN. Provinsjale Steaten fan Drinte hâlde woansdei in spoeddebat oer de saak.

Tichelaar bemuoide him as kommissaris mei de renovaasje fan it monumintale hûs Tetrode yn Assen. Omdat dy renovaasje him te lang duorre, neamde er yn oktober 2015 yntern in pear bedriuwen dy't dêrby helpe kinne soene. Dêrby neamde Tichelaar ek Klinkenberg-SO, it bedriuw fan syn skoansuster. De kommissaris is dêrby net 'stjoerend te wurk gien', sa skriuwt er oan it parlemint fan Drinte. De skoansuster fan Tichelaar soe lang om let 2300 euro mei de opdracht fertsjinje.

Yntegriteit

It ôfwûne wykein ûntstie rebûlje oer de rol fan Jacques Tichelaar nei oanlieding fan in publikaasje yn it Dagblad van het Noorden en de Volkskrant. Neffens dat stik soe Tichelaar yn striid mei de yntegriteitsregels fan de provinsje Drinte hannele hawwe. Tichelaar spruts doe noch tsjin dat er wat ferkeard dien hie. Hy sei doe dat in amtner syn skoansuster benadere hie, en dat er dat sels net wist. Tichelaar waard yn 2013 yn Drinte ek al op de fingers tikke foar in oare saak. Hy besocht doe te bemiddeljen yn in skeel tusken de gemeente Coevorden en in hoareka--ûndernimmer. Dy hoareka-ûndernimmer is in sweager fan Tichelaar.

Deputearre fan finânsjes Cees Bijl fan Drinte, yn Fryslân bekend as âld-boargemaster fan Ljouwerteradiel, hat tsjin RTV Drenthe sein dat Tichelaar 'better neitinke moatten hie' foardat hy it bedriuw fan syn skoansuster nei foaren skode. Bijl jout fierder gjin oardiel oer de hannelwize fan de kommissaris. "Dat lit ik graach oan Provinsjale Steaten oer."

(advertinsje)
(advertinsje)