Klaas Westerdijk nije skipper Heale Moanne

Klaas Westerdijk fan Boarnsweach wurdt de nije skipper fan skûtsje de Heale Moanne. Hy folget Berend Mink op, dy't earder opstapte. Westerdijk hat tolve jier bemanningslid west op SKS skûtsjes en wie de lêste trije jier adviseur op it skûtsje fan Wâldsein. Dêrneist hat hy santjin jier lang wedstriidûnderfining opdien yn oare iepen sylboaten. De SKS moat noch akkoart gean mei de foardracht fan Westerdijk troch de kommisje fan de Heale Moanne.