Valeriuskertier krijt pop-up stedskantine

Hurd wurkje yn de keuken © ANP
It Valeriuskertier yn Ljouwert krijt fan moarn ôf in pop-up stedskantine. De kantine is in inisjatyf fan it Wykteam West en wenningkorporaasje Elkien. Bewenners kinne foar in lyts bedrach ite yn in leechsteande wenning fan Elkien. Frijwilligers soargje foar it iten en Elkien foar it wetter, elektrisiteit en ferwaarming.
De pop-up kantine is eltse kear yn in oare wenning. Neffens de inisjatyfnimmers is mei in groep ite gesellich en wurket it ferbinend. Ynspiraasje foar de pop-up kantine is de stedskantine yn it Rengerspark.
Dêr kinne bewenners ien kear yn de moanne oanskowe foar in diner fan trije gongen.