Henk Jan Mulder wurdt trainer by LDODK

28 feb 2017 - 10:01
Foto: Omrop Fryslân

Henk Jan Mulder sil takom seizoen de technyske stêf fan LDODK/Rinsma Fashion fersterkje. Hy wurdt earste assistint fan haadtrainer/coach Erik Wolsink. De 51-jierrige Mulder is dit seizoen trainer/coach fan kuorbalhaadklasser Nic./Alfa College út Grins. Mulder hat him yn syn earste seizoen mei Nic. pleatst foar de play-offs. Dêrom wie it neffens Mulder ek net in maklike beslissing om fuort te gean. "Mar ik folgje no myn sportive ambysje. LDODK docht op it heechste nivo mei om de prizen. Dêr sjoch ik in grutte útdaging yn."

Jan Sjoerd Pool, bestjoerslid technyske saken, is bliid mei de komst fan Mulder. "Henk Jan sil Erik Wolsink assistearje by it earste team en sil in protte trainingen fersoargje. Hy is miskien wol de bêste fjildtrainer dy't der op dit stuit yn it Noarden omrint."

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Henk Jan Mulder
(Advertinsje)
(Advertinsje)