Wurksumheden by akwadukt Burgum: ien rydbaan ôfsletten

27 feb 2017 - 19:58

Under it akwadukt op de Sintrale As by Burgum is in oannimmersbedriuw dwaande om sân te ferwiderjen fan de dyk. Troch reinwetter is der sân fuortspield fan in bouplak en op de dyk telâne kaam. De oannimmer hat no in kûle groeven en rommet it sân op.

Fanwegen de wurksumheden is ien rydbaan tydlik ôfsletten foar ferkear.

(advertinsje)
(advertinsje)