Plannen foar iisfontein en Markt yn Dokkum presintearre

27 feb 2017 - 19:23

It definitive plan foar de iisfontein fan keunstner Birthe Leemeijer yn Dokkum is moandei presintearre. Har ûntwerp bestiet út sabeare iisskossen dy't op ferskate wizen mei wetterdripkes besprinkele wurde. De drippen befrieze op guon plakken, wylst se op oare plakken wer teie. Troch yn dat proses te wikseljen ûntstiet in byld dat hieltyd feroaret. It plan foar de Dokkumer fontein makket diel út fan it projekt 11Fountains fan Ljouwert Kulturele Haadstêd.

Markt

De gemeente Dongeradiel presintearre tagelyk in plan om de Markt, dêr't de fontein komme moat, opnij yn te rjochtsjen. De Markt is no benammen in keal parkearterrein, mar krijt in smûk en grien karakter. It keunstwurk De Apostelen dat der no stiet en dat troch Dokkumers betitele wurdt as 'Bokito', sil ferdwine.

Parkearplakken

Foar omwenners, tsjerkegongers en winkeljend publyk bliuwe yn de nije situaasje sa'n tritich parkearplakken beskikber. Neffens wethâlder Albert van der Ploeg wurdt noch sjoen nei útwreiding fan de parkearkapasiteit op oare plakken yn en by de stêd.

Neffens de gemeente Dongeradiel is der fan de mienskip út grutte stipe foar de nije fontein yn Dokkum. Ein maart nimt de gemeenteried in beslút oer it definitive ûntwerp foar de Markt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)