Ungelok by klaverblêd It Hearrenfean: file oplost

27 feb 2017 - 17:55
Klaverblêd It Hearrenfean - Foto: Google Street View

By in auto-ûngelok krekt foar it klaverblêd by It Hearrenfean is moandeitemiddei in persoan ferwûne rekke. Troch it ûngelok stie der yn de rjochting fan It Hearrenfean in skoftke in file op de A32 foar it klaverblêd.

Ek op de A7 rjochting It Hearrenfean stie it ferkear fêst foar it klaverblêd, om't it de oprit nei de A32 net op komme koe. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is en hoe slim oft de ferwûningen fan it slachtoffer binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)