Provinsje: ''Utstjit kwik by de REC net te heech''

27 feb 2017 - 16:52
De REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der is net in te hege útstjit fan kwik by de REC yn Harns. Dat seit de provinsje Fryslân yn reaksje op krityk fan de stichting Afvaloven Nee. Neffens de provinsje falt de deigemiddelde útstjit fan kwik út de ôffaloven binnen de grinzen sa't dy yn de fergunning stean. De REC foldocht dus oan de easken, sa seit in wurdfierder. De provinsje seit dan ek net te witten út hokker offisjele dokuminten blike soe dat der in soad kwik útstjitten wurdt.

Earder moandei melde Afvaloven Nee dat út offisjele dokuminten fan de provinsje Fryslân bliken docht dat de ôffaloven tefolle kwik spuit. Dit soe skealik wêze foar de sûnens.

Trefwurden: 
Kwik REC Harns Afvaloven Nee
(advertinsje)
(advertinsje)