Poalske man krijt 600 euro boete foar himpbesit

27 feb 2017 - 15:24
Foto: Omrop Fryslân

In man út Poalen dy't foar de rjochter komme moast omdat er himp yn syn besit hie, is feroardiele ta in boete fan 600 euro. De man wie net by de rjochtsaak. Hy waard yn novimber mei syn auto oan de kant set troch de plysje. De man joech de plysje twa lytse pûdsjes mei weed, mar yn de kofferbak waard noch mear fûn.

De Poal sei dat er dat sels opsmoke woe. Mar dat leaude de offisier fan justysje moandei net. De rjochter joech dus in boete fan 600 euro.

Trefwurden: 
Poal himp plysje boete
(advertinsje)
(advertinsje)