Guus Hiddink foar Fryslân

24 okt 2011 - 20:56
Foto: Omrop Fryslân

Guus Hiddink sil him ynsette om de World Sport for all Games nei Fryslân te heljen. De suksesfolle fuotbaltrainer is troch Riemer van der Velde frege him sterk te meitsjen foar it evenemint. Fryslân hopet yn 2016 de World Sport Games te organisearjen, mar ek Yndonezië is dêrfoar yn de race.

Op dizze games komme lytse regionale sporten oan bar. Yn novimber wurdt bekend welk lân it sportevenemint organisearje mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)