Van der Galiën opfolger by PVV

Otto van der Galiën is beneamd ta fraksjefoarsitter fan de PVV yn Provinsjale Steaten. Hy nimt it plak yn fan Jelle Hiemstra dy't moandei bekend makke dat hy fuortendaliks opstapt as earste man by de Fryske PVV. De fraksje fynt it spitich en herkent him ek net yn de arguminten dy't Hiemstra ta dit beslút brocht hawwe. De PVV-fraksje bestiet no út trije minsken. Hiemstra giet troch as ien-mans-fraksje yn Provinsjale Steaten.