Drave tsjin de besunigings

24 okt 2011 - 19:59

Lânskipsbehear fiert aksje tsjin de besuniging fan 60% op it basisbudzjet. Dit betsjut dat se noch folle mear jild misrinne, omdat se mei har budzjet projekten organisearje dy't meibetelle wurde troch oare organisaasjes. De aksje bestiet net út it oanbieden fan petysjes of in optocht troch Den Haag. De direkteur draaft heale maratons yn alle provinsjes. Tiisdei is er yn Fryslân. De lêste fiif kilomter drave minsken fan Lânskipsbehear Fryslân mei.

Trefwurden: 
Lânskipsbehear Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)