Petysje oer sâlt yn Den Haach

24 okt 2011 - 20:13

LTO Noord, federaasjes fan doarpsbelangen fan NW-Fryslân en de wurkgroep 'Zout is Fout' sille tiisdei in petysje oanbiede oan de fêste keamerkommisje fan ekonomyske saken, lânbou en ynnovaasje. Yn dy petysje stiet dat se wolle dat de sâltwinning ûnder lân uterlik yn 2015 ophâldt. De minister hat besletten dat dy sâltwinning ûnder lân oant 2012 trochgean mei. De tsjinstanners fine dat hy dêrmei allinnich mar each hat foar de belangen fan Frisia Sâlt.

Trefwurden: 
LTO-noord
(Advertinsje)
(Advertinsje)