Trije Friezinnen meitsje kâns op titel 'Miss Boerin'

Trije fan de njoggen kandidaten foar de ferkiezing Miss Boerin komme út Fryslân. It binne Ineke Hoekstra (21) fan Aldebiltsyl, Jackelien Visser (21) út Menaam en Rixt de Jong (19) út Easterbierrum. Op 4 maart stride se om de titel. Se binne grutsk op har ôfkomst en wolle de agraryske sektor yn in strieljend deiljocht sette. Yn de sjuery sit de Friezinne Jildau Broekens, de winner fan ferline jier.
By de ferkiezing moatte de froulju showe yn baitsjebokse (overal), hynsterydklean en in cocktailjurk en in agraryske kenniskwis dwaan.
Ineke Hoekstra studearret Veehouderij en Diergezondheidszorg en helpt by drokke tiden thús mei yn it bedriuw. Jackelien Visser komt fan in melkfeebedriuw mei 600 kij. Melke, ynkûlje, trekkerride fynt se allegear machtich moai. Rixt de Jong hâldt fan de lange jûnen yn de keet en simmerdeis wurket se graach op it lân.