Boeren meitsje lân klear foar greidefûgels mei 'plasdras'

© Marcel van Kammen
Yn it iepen gebiet fan de Noardlike Fryske Wâlden ha boeren stikken greide ûnder wetter set foar greidefûgels. It giet om sa'n 28 bunder 'plasdras'. It wiete lân lûkt skriezen, ljippen, strânljippen en tsjirken oan om't se dêr maklik iten fine kinne.
Boeren kombinearje plasdras mei omlizzend krûderyk gerslân, útsteld meanen en behear fan nêsten. Se krije der in fergoeding foar. Dit pakket oan maatregels jout greidefûgels goede kânsen om te brieden en piken grut te bringen.
Fûgeltsjelân
"Elk jier komt der mear plasdras by. De drassige stroken foarmje in optimale biotoop foar de greidefûgels. Der komt in gigantysk oantal fûgels op ôf", fertelt Andries Halbesma, foarsitter fan de temagroep greidefûgels fan de NFW. Dit fûgeltsjelân bliuwt oant 15 juny foar in part ûnder wetter stean. "De measte boeren ha in wetterpomp mei in sinnepaniel. Sa bliuwt de plasdras hieltyd moai op peil", seit Halbesma.