Aksje foar 't Janboersmeulaentien by Wolvegea

27 feb 2017 - 13:43

As it oan de Stellingwarver Schrieversronte leit, krijt Wolvegea in bysûnder kuierpaad werom, 't Janboersmeulaentien. Dat is in histoarysk leantsje oan de súdkant fan Wolvegea, tusken it doarp en de Lindefallei. It paad is ûntstien yn de tiid fan grytman Willem van Haren, dy yn 1733 Huize Lindenoord bouwe liet. Dêrwei rûn it leantsje nei it boerehiem fan Jan de Boer, dêrom ek de namme 't Janboersmeulaentien.

Yn de jieren '90 is it paad sletten foar kuierders, en dat wylst in protte Wolvegeasters der graach rinne wolle soene.

De Stellingwarver Schrieversronte is no útein set mei in petysje om it paad wer iepen te krijen foar it publyk. 't Janboersmeulaentien hat al in eigen aksje-website krigen mei achtergrûnynformaasje en folle mear. De Stellingwarver keunstner Ton Kruse is dwaande om in groep frijwilligers te sammeljen foar it weriepenjen en ûnderhâld fan it leantsje. Minsken dy't meihelpe wolle kinne har melde op de website. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)