Afvaloven Nee: "Soad kwik út skoarstien REC"

De ôffaloven REC yn Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De ôffaloven yn Harns blykt net allinne in soad dioksinen en soere stoffen út te stjitten, de oven spuit ek in soad kwik út. Dit blykt neffens Afvaloven Nee út offisjele dokuminten fan de provinsje.
Op jierbasis soe yn 2014 yn Harns 7 kilo kwik de loft yngien wêze. Dêrby is útstjit by steuringen en it op- en ôfstoken net meirekkene. Kwik is hiel giftich en kin foar slimme skea oan de sûnens soargje. By bleatstellen oan de konsintraasjes dy't út in ôffaloven komme, sil de eventuele skea him nei langere tiid iepenbierje, seit de aksjegroep.
It kwik komt as damp of gas út de skoarstien en bliuwt binnen de plom. It komt foar dat de plom nei it ferlitten fan de skoarstien delkomt. Yn sa'n situaasje falt te ferwachtsjen dat de konsintraasje oan kwik yn de lucht op leefnivo skealik is foar de sûnens. As dat tagelyk mei in steuring bart, is de kâns op skea grutter. Soks is tsientallen kearen foarkaam yn 2015.
Al yn 2008 waard warskôge foar dizze hege kwikútstjit. In pear jier letter wiisde in Amerikaanske saakkundige op it gefaar fan te hege konsintraasjes oan kwik yn de buert fan de REC. De twa mjitstasjons rûnom de oven mjitte gjin kwik en dioksine.