Winkeldief Cambuurplein ferset him tsjin oanhâlding

© ANP
In Ljouwerter (36) waard sneontemiddei op it Cambuurplein betrape op stellerij út in winkel. De man hie guod meinommen foar 10,93 euro, mar fersette him bot tsjin syn oanhâlding. Hjirby ûntstie in wrakseling. De plysje naam de man mei nei it buro, mar liet him wol earst even neisjen troch meiwurkers fan de ambulânse.
De man is ynsletten omdat er him mooglik ek earder skuldich makke oan stellerij. As dat sa is wurdt de man foarlaat oan de rjochter-kommissaris.