SC Hearrenfean ferlinget kontrakt Younes Namli net

27 feb 2017 - 12:18
Younes Namli giet nei PEC Zwolle - Foto: AWfoto.nl

SC Hearrenfean giet net fierder mei Younes Namli. De klup hat moandei witte litten it ôfrinnende kontrakt mei de Deenske middenfjilder net te ferlingjen. De 22-jierrige fuotballer hat noch in kontrakt oant juny dit jier. Hy kaam yn de winter fan 2015 oer fan it Deenske AB. Yn dat seizoen spile er 12 kompetysjewedstriden foar de klup.

Foarich seizoen kaam Namli amper yn aksje troch blessueres. Dit jier spile er 15 kompetysjewedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)