De stim fan Theo en Jetty: "Feeling mei maatskippij kwyt"

Theo en Jetty de Ree, beide 64 jier, wenje yn Reahûs. Jetty wie earder ferpleechkundige en Theo wurke as akkount-manager by in kofjeleveransier. "Ik fyn it soarchlik dat der ûnfrede is ûnder de minsken," fertelt Jetty. "Minsken ha it gefoel dat se net heard wurde. Der is in kategory minsken dy't net mear meikomme kin yn de maatskippij, se ha it finansjeel krap." Theo follet oan dat je mei elkoar mear berikke yn de maatskippij. "Dat sjoch ik hjoed-de-dei net mear."
Jetty makket har soargen dat mear minsken yn earmoed libje. "Se sitte yn de skuldhelpferliening, mar je kinne better wat dwaan oan de leechste ynkommens." "De polityk moat de goede rjochting wize, mei respekt en begryp foar elkoar," seit Theo. "Dat sjochst yn de polityk net werom. Yn ferkiezingstiid ha se de prachtichste ideeën, mar dogge se ek werklik wat se belove?" "De polityk is de feeling mei de maatskippij kwyt" konkludearret Jetty. Se stimt op de SP om't dat de iennige partij is dy't opkomt foar kwetsbere minsken. Theo wit noch net wat er stimme sil.
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.