Utbaters wolle Grouster Teehûs wer opbouwe

De útbaters fan it Teehûs yn Grou wolle it karakteristike gebou sa gau mooglik wer opbouwe. It pân gie snein folslein troch brân ferlern. It wenhûs fan de útbaters - dat njonken it Teehûs stiet - bleau oerein, mar sil neffens útbater Timo Slump ek sloopt wurde moatte.
Slump seit dat er folslein oerrompele is troch alle reaksjes út it doarp en fia de sosjale media. Sels út Australië kamen der meldingen fan meilibjen nei de brân.