GGZ Fryslân smyt namme 'Denk' yn de ferkeap

27 feb 2017 - 10:49

GGZ Fryslân hâldt op mei it brûken fan de merknamme en de domeinnamme Denk. GGZ hat der hieltiid mear lêst fan dat Denk Basis-GGZ en de politike partij DENK trochinoar helle wurde. Denk Basis-GGZ krijt bygelyks hieltiid faker berjochten foar de Twadde Keamerleden Kuzu en Öztürk.

"Foar in goeie relaasje mei ús klanten is it essinsjeel dat wy polityk neutraal binne", seit bestjoersfoarsitter Adriaan Jansen fan GGZ Fryslân. "Wy hawwe gjin konneksje mei de politike beweging DENK. Dêrom fine wy it wizer om de merknamme Denk net mear te brûken."

De eardere PvdA-keamerleden Kuzu en Öztürk keazen twa jier lyn de namme DENK foar harren partij. GGZ Friesland konstatearre doe dat namme en logo wol in hiel soad like op dat fan de GGZ-merknamme Denk. De politike partij koe doe in rjochtsaak foarkomme troch it logo oan te passen. It doel dêrfan wie om betizing tusken de partij en de GGZ-namme te foarkommen, mar neffens Jansen is dat net slagge.

GGZ sil de behannelingen foar minsken mei psychyske klachten tenei oanbiede fia de organisaasje Synaeda, dêr't GGZ Fryslân al langere tiid mei gearwurket. It giet dan om tsjinsten as polyklinyske kontakten, selshelpprogramma's en firtual reality terapy. GGZ Fryslân hat earder in soad tiid en enerzjy stutsen yn it opbouwen fan de merknamme Denk. Dy namme giet no fuortendaliks yn de ferkeap. Leafhawwers foar de domeinnamme kinne harren by GGZ Fryslân melde. GGZ Fryslân woe Omrop Fryslân moandei net te wurd stean oer it beslút, mar publisearre wol in eigen filmke op de sosjale media. 

Trefwurden: 
GGZ Fryslân Denk
(Advertinsje)
(Advertinsje)