De stim fan Sietze: "We ha it hartstikke bêst hjir"

10 mrt 2017 - 06:45

Sietze Dijkstra (70) wennet yn Laaksum. Hy is mei pensjoen, mar wie earder skipper en hat sa'n fjirtich jier mei in charterskip mei gasten syld. "We libje hjir as God yn Frankryk, we ha it hartstikke bêst hjir. Ik meitsje my wol soargen oer de ferrjochtsing fan de maatskippij. Dat Trump de presidint fan Amearika wurden is, hienen we ek net foar mooglik hâlden. It sil toch net gebeure dat soks ek yn Nederlân gebeurt? Dat Wilders minister-presidint wurdt, dat soe wol slim wêze."

"Ik wit dat der ûnfrede is by in part fan de maatskippij. Minsken wurde mûniger en de kanalen om dat te uterjen, binne ek hieltyd grutter. De hearen mei it grutte jild wurde der net minder fan. It soe oars mei de banken nei de finansjele krisis, mar der is neat feroare. Se belove in soad, mar oan de ein fan it ferhaal skarrelet it op deselde manier fierder." Sietse hat altyd stimd en siet yn de linkse hoeke. "Ik meitsje my soargen oer dat de PvdA sa lyts wurdt, dus dêr stim ik miskien op, mar miskien wurdt it ek wol CDA. Ik bin in boeresoan en kom út in CDA-húshâlding."

De stim fan...

Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)