't Fonnemint Sint-Anne earste 'sûne skoalle' fan It Bilt

It skoalplein fan 'sûne basisskoalle' 't Fonnemint yn Sint Anne © Twitter
Iepenbiere basisskoalle 't Fonnemint yn Sint-Anne krijt woansdei as earste skoalle fan de gemeente It Bilt it finjet Sûne Skoalle fan de GGD. De skoalle krijt it finjet omdat se harren sterk makke ha foar sosjaal feilichheidsbelied. Dat uteret him ûnder oare yn lessen en trainingen oer bygelyks narjen.
De skoalle stiet woansdei mei de 220 learlingen op feestlike wize stil by de útrikking fan it finjet.