Frachtskip rekket brêge Aldskou krekt net: gjin skea

27 feb 2017 - 09:39
De brêge by Aldskou - Foto: Omrop Fryslân, Joline Dalstra

Rykswettersteat hat gjin skea oantroffen by de brêge by Aldskou tusken Akkrum en Jirnsum. Snein kaam it berjocht dat der op 'e nij in skip tsjin de brêge botst wie. It die bliken dat in skipper tocht ûnder de brêge trochfarre te kinnen. Doe't hy seach dat dat krekt net koe, hat er syn skip stillein en ekstra ballast ynnaam, wêertroch it skip djipper kaam te lizzen.

Omstanners tochten lykwols dat it skip fêst sitten hie en bellen foar de sekerheid mei de plysje. De plysje hat kontakt hân mei de skipper. Dy sei dat er de brêge net rekke hat.

Dy ha kontakt hân mei de skipper. Dy hat útlein dat hy de brêge net rekke hat. De plysje hat ek fêststeld dat der gjin skea is. Yn 2014 wie de brêge in skoft lang stremd nei't in frachtskip by in oanfarring foar grutte skea soarge hie. Dizze simmer botste der op'e nij in skip tsjin de brêge. Doe wie de skea minder grut.

(Advertinsje)
(Advertinsje)