Kollum: "Lit dy net Paaye"

"Hjoed is de rjochtsaak fan Patricia Paay tsjin har buorman en sakepartner Maarten Oostvogel. It is noch mar febrewaris, mar no al wurdt dit troch de sensaasjeparse as 'de Rjochtsaak fan it Jier’ betitele. Patricia Paay kaam dizze moanne yn it nijs fanwege in seksfilmke. Wa't it net sjoen hat, wês dêr bliid om want it skine net al te frisse bylden te wêzen fan in 'golden shower'. En wa't net wit wat in ‘golden shower’ is, sels mar efkes Googleje. De rjochtsaak begjint aanst om alve oere mar is net tagonklik foar de parse."
"Yn de saak giet it - sa as altyd eins - om jild. Patricia seit dat se noch jild fan de buorman krijt. Hy seit fansels fan net. Mar no komt it: it bewuste seksfilmke fan Patricia sil gjín diel útmeitsje fan de saak, hat de advokaat fan Paay witte litten. Hè, tinke jim no; wat hat dat filmke no mei dizze saak te krijen? Presys! Sjoch, dêr sit him de oarst: Patricia ferwyt har buorman nammentlik dat dy it filmke lekt hat om har te sjantearen.
Ik bliuw it in nuver ferhaal finen. Samar ynienen dûkt der in seksfilmke op fan Patricia Paay. Dy ropt op har beurt earst fansels dat se it net is. Ferfolgens dat se it wol is, mar dat se net wist dat der filme waard. En no dat se wol wist dat se filme waard, mar dat se net tocht hie dat it op ynternet set wurde soe. Dom, dom, dom. En dat lêste snap ik net, want Patricia Paay draait yntusken al sa lang mei yn dat wereldsje fan bedroch, besoademiterjen en beduveljen, datst toch tinke meist: dy lit har de pis net mear lauw meitsje.
Wa’t it filmke sjoen hat, snapt dat dit in flauw taalgrapke wie. Ek op social media waard de iene nei de oare kreative taalgrap betocht. ‘Patricia krijgt heel wat gezeik over haar heen’, wie de alderearste. ‘Paay pissig over uitlekken filmpje’, de twadde. ‘Paay moet niet zo zeiken’, de tredde. It binne ynkopperkes fansels, mar dêrtroch net minder grappich. ‘Zo zout heb ik het nog nooit gegeten’, ha’k noch net foarby kommen sjoen, dus dy wol ik graach sels tafoege.
Mar goed, wy kinne der wol grappen oer meitsje: feit is en bliuwt dat der in seksfilmke fan har yn omloop is en dat de media der fan smult. No kin Patricia Paay har sels knap rêde mei in goede advokaat en folop televyzjeprogramma’s dêr’t se har ferhaal dwaan mei. Mar der binne fansels tûzenen, wat sis ik, miljoenen seksfilmkes dy’t rûn geane fia ynternet fan minsken dy’t dêr nét tsjin yn ferwear gean kinne. Dy’t dêrmei swart makke wurde of sjanteard, oant se it net langer folhâlde en belies jaan moatte.
En dat lêste sjochst benammen by jongeren gebeuren. Se meitsje in foto of filmke fan harsels yn pikante setting en stjoere dat ferfolgens nei in geliefde. En foardat se it witte giet it neakene kiekje it hiele skoalplein oer. De gefolgen binne faak ellendich. Ofrûne wike noch yn Enschede, dêr't in 15-jierrige jonge himsels tekoart die nei't der neaktfoto's fan him lekt wiene op Instagram.
Alles wurdt hjoed de dei fêstlein mei foto’s en filmkes. En ien kear online is it net mear út te wissen. En it slimste is, hast der faaks sels gjin kontrôle oer, want elk hat in kamera op de telefoan. Leine se froeger noch yn de boskjes, tsjintwurdich is elk in paparazzi. In echte oplossing is der dan ek net, mar in goed advys wol. Wannear’t de klean útgean, giet ek de kamera út. Folgje dyn gefoel, mar brûk dyn ferstân. Lit dy net ferliede, lit dy net oerhelje, mar it belangrykste fan alles: lit dy foaral nét Paaye."
Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl