18.000 bern mei pake en beppe nei in museum

27 feb 2017 - 07:11

It is sa njonkenlytsen in tradysje by de Fryske Musea: Help Pake en Beppe de fakânsje troch. Ferline wike koene bern yn de foarjiersfakânsje in wike lang fergees nei in museum of argyf op 'fertoan' fan in pake of beppe. Mei-inoar hawwe 18.000 bern hjir gebrûk fan makke.

In soad musea lutsen mear besikers as ferline jier. Guon sels twa kear safolle. Lykas alle jierren krige Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert it measte folk oer de flier.

Neffens Lisette Zwerver fan Museumfederaasje Fryslân dogge alle jierren mear musea oan de aksje mei. Ek oan de website kin de federaasje goed fernimme dat der mear minsken - en foaral ek mear bern - nei it museum gean. Lisette Zwerver hat de yndruk dat de besikers goed yn 't foar besjogge wêr't wat te beleven is.

Trefwurden: 
Fryske musea pake en beppe
(Advertinsje)
(Advertinsje)