Ynbraak yn Frjentsjer: plysje siket tsjûgen

© ANP
De plysje yn Frjentsjer is op syk nei ynbrekkers dy't ôfrûne wike taslein hawwe yn in hús oan de Suurhoffstrjitte. Tusken ôfrûne snein en ôfrûne sneon waard dêr ynbrutsen. De dieven hawwe kostber guod meinommen en ek in soad persoanlike objekten.
De famylje freget de ynbrekkers it persoanlike guod werom te bringen. Minsken dy't mear witte oer de ynbraak, kinne kontakt opnimme mei de plysje.