IIshockeyers UNIS Flyers winne Nederlânsk kampioenskip

26 feb 2017 - 19:15

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneintejûn harren Nederlânsk kampioenskip prolongearre. Yn it Thialf iisstadion wûn de ploech fan trainer Mike Nason mei 5-2 fan Hijs Hokij út Den Haag. Dochs begûn it thússpyljende UNIS Flyers de wedstriid al rillegau mei in efterstân. Kick sette Den Haach nei goed twa minuten op 0-1. Tsien minuten letter notearre Postma de lykmakker, mar troch in goal fan Van der Schuit gong Hijs Hokij mei in 1-2 foarsprong de break yn.

Yn de twadde perioade sette Bezak de Feansters wer neist Den Haag. Turcotte makke efkes letter sels noch 3-2, wêrtroch de UNIS Flyers mei in foarsprong oan de lêste perioade begûnen. Dat barde wol sûnder spiler Turcotte, hy moast mei in blessuere it iis ferlitte. De Feansters liken hjir gjin lêst fan te hawwen en setten fia Bezak de 4-2 op it skoareboerd. Yn de oertsjûgjende slotfaze makke Postma dien wurk foar de Flyers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)