Dokkumer oanhâlden foar mishanneling

26 feb 2017 - 12:35
Foto: ANP

In 20-jierrige Dokkumer is sneontemoarn fan bêd helle troch de plysje en meinaam nei it plysjeburo. Tsjin de man wie oanjefte fan mishanneling dien. Yn it sintrum fan Dokkum hie spul west, omdat it slachtoffer tsjin de auto fan de Dokkumer oansitten hie. Nei de mishanneling wie de fertochte fuortriden, mar letter sneontenacht is er oanhâlden.

De plysje ûndersiket de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)