Jild fertsjinje foar klupkas mei putsje yn Smellingerlân

26 feb 2017 - 09:47
ôffal - Foto: ANP

Ferienings, skoallen en tsjerken yn Smellingerlân kinne harren ynskriuwe om putsjes te dwaan foar de gemeente. Dêrmei kinne se jild fertsjinje foar de klupkas.

Sa moatte de konteners ûnder de grûn yn it sintrum fan Drachten skjinmakke wurde. Dat smyt 500 euro op. Datselde bedrach leit klear foar it oprêden fan ôffal mei de peaskemerke en it skjinmeitsjen fan it terrein nei it festival Simmerdeis yn Drachten.

Brûkers fan sportkompleksen, ferieningsgebouwen en skoallen kinne ek tsjin betelling it gebiet om it gebou hinne skjinhâlde. De fergoeding dêrfoar hinget ôf fan de grutte fan it gebiet.

Trefwurden: 
Smellingerlân putsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)