Carpoolplak by Wolvegea wurdt dûbeld sa grut: fan 20 nei 40
It carpoolplak oan de N351 en A32 by Wolvegea wreidet út. De oanlis fan tweintich ekstra parkearplakken set moandei út ein.
It parkearplak foar mei-inoar-riders stiet no geregeld sa fol, dat minsken harren auto bûten de fakken sette moatte. Dat soarget neffens de gemeente Weststellingwerf foar oerlêst. Troch de útwreiding binne mei-inoar fjirtich parkearplakken. Dat moat genôch wêze foar de kommende jierren, tinkt de gemeente. Op 14 maart moat it wurk klear wêze.