Jurgen Streppel: "Niet sprankelend, wel verdiend gewonnen"

25 feb 2017 - 23:58

Trainer Jurgen Streppel is foldien mei de 3-0 winst tsjin Roda JC fan sneontejûn. Troch de útslach like de oerwinning ienfâldich, mar dat wie net it gefal. Dochs fynt Streppel de oerwinning terjochte: "Deze wedstrijd hebben wij absoluut verdiend gewonnen. Het was niet heel swingend, maar dat is ook lastig tegen een tegenstander die zo gegroepeerd speelt", seit er.

De wedstriid wie net fan in heech nivo, mar dat lei net allinnich oan Hearrenfean. "Je hebt er twee ploegen voor nodig om er een leuke wedstrijd van te maken", doelde Streppel op it ferdigenjende spul fan Roda.

Goed sliepe

Man of the Match Doke Schmidt is bliid mei de winst én syn earste doelpunt foar SC Hearrenfean. Hy makke de ferlossende 1-0. "Meestal slaap ik niet heel goed na een wedstrijd, maar nu ga ik wel lekker slapen!", seit Schmidt mei in laits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)